Nije stripheld slacht se de weareld út

Hotze Klots kin de nap der wol út ha 


(troch: Jelle Bangma)
 

Mei de útjefte fan ‘De Gouden Keatswant’ is it earste aventoer fan Hotze Klots publisearre. En like ferassend as űnferwachte giet dat oer syn keatsprestaasjes. Oft dizze Hotze in oanwinst is foar it keatsfjild en de boekekast, dat stiet te besjen. Wat alderearst op- en ôffalt is dat it útfierd is yn swart-wyt. Spitich, it keatsen en it Frysk fertsjinje kleur!

It is yn ’t sirkwy in űnbekend duo: tekener Aart Cornelissen en tekstskriuwer Otto Gielstra. Dy lęste smyt him ek op as útjouwer dy’t fęstige is yn Makkum. Dat is ek it plak dęr’t de makkers har ynspiraasje opdien ha, al neame sy it doarp earst net eksplisyt. Pas op ’e lęste side: ’Deselde jűns wurde se mei it rydtúch yn Makkum (węr oars?) ynhelle…’ Op it omkaft stiet Hotze trouwens ek ôfbylde yn de Makkumer ôfdielingskleuren grien/giel.

It ferhaal fan Hotze beslacht 40 siden op A4. Dęrnei wurde noch in oantal siden bestege oan it útlizzen fan it keatsspul. Dat is in tekst fan Pieter Breuker en dy docht dat op in aardige en foar bern begryplike wize.

In stripboek foar bern dus en mei dy eagen moar it ek lęzen en besjoen wurde. Ik ken de reputaasje fan Cornelissen net, mar dy kin leuk tekenje: mei genôch ekspresje, noait stiif en mei in protte fariaasje oan griis/swart tinten. Dat hâldt it ferhaal, de strip oerein. Geandewei it lęzen wurdt it gemis oan kleur kompensearre.


It ferhaal set op de earste side al daliks it probleem del: Hotze wol net keatse – sels net merkekeatse – om’t er net foldwaan doart oan de hege ferwachtings fan ’e famylje. Dat keatslaach is ferneamd oant fier yn de foarige ieu en dęr is Hotze geweldich ‘faalangstig’ fan wurden. De famylje wurdt trouwens mei spot en humor sketst, sa as mem Klaske Klots ‘dy’t ivich dwaande wie mei it ophingjen fan krânsen’, wűn troch Hotze’s heit. Hotze hat skjin syn nocht fan dat gepraat oer keatsen (‘sneins krije wy sels keatsbaltsjes yn ’t sop) en giet leaver te fiskjen.

Dan wurdt him op in dei, mei help fan in âld fisker, op wűnderlike wize de goudene keatswant fan Reinder Scheepstra oanrikt en feroaret alles. Hotze stapt mei fleur troch it doarp, sjongt tapaslik ’In nije dei’ en jout him op foar it merkekeatsen. Mar dęr slacht en mei syn wűnderwant sa fűleinich út en de ballen rjochtsje sa’n ravaazje oan dat er úteinlik fan ’t fjild stjoerd wurdt. De famylje is (op ’e nij) bot teloarsteld en syn âlden wize him de doar. As skande fan ’e famylje húsmannet er dan op in âld boat yn ’e haven. Mar Chris Beersma (jawis!) hat him útslaan sjoen en freget him om yn te fallen foar in blessearde maat. Sa wint er syn earste krânse yn Sint Pietersgea troch ű.o. Helfrich en Brandsma te ferslaan. 

Wa’t wint hat freonen, mar grif ek fijannen. Yn ’t gefal fan Hotze is dat Jouke Faber. Op in dei wurdt Hotze syn boat ta sinken brocht en rekket er ek syn goudene want kwyt. Hotze stiet der no allinne foar en moat leare om op him sels te fertrouwen. Mar op de generale foar de PC mislearret it en de krante praat al oer ’Kluns Klots, de eendagsvlieg’. Hotze lottet sels foar de PC en docht dat tige min: daalk tsjin partoer Jouke Faber. Op ’e PC komt er mei 5-0 en 6-0 achter, mar dan wurdt him op ’e nij de goudene keatswant oanrikt. Hoe’t ôfrint lit him riede en Hotze bringt heit en mem jűns de krânse. Heit seit: ’It hie minder kinnen, jonge, do kinst der wol wer ynkomme’. Mar Hotze giet de wrâld yn op wei nei nije aventoeren.

Krityk? Och, hoe serieus moat men in stripferhaal nimme. Dy winst op ’e PC is fansels mar skyn. Op in moarntiid sil Hotze wekker wurde en dan wit er dat net hý, mar de goudene keatswant de PC wűn hat. Dan sil er him realisearje dat dy want de wiere PC-kening is. Dat sil op ’e nij in geweldige oanslach dwaan op syn selsfertrouwen. Is dat dan de les foar bern? Mar miskien dol ik no te djip, it is ommers mar in stripferhaal. Iennichste winst foar Hotze is dat er troch dizze sege ôfstân nimt fan syn foarfaars en syn âlders, op reis giet en de kâns nimt himsels te űntwikkeljen. Hoe’t dat ferrint sille de makkers ús witte litte yn it stripferhaal ’It giet oan’, oer de alvestędetocht, dat yn tarieding is.



Vorige